jelske dijkstra logo 2

jelske dijkstraJelske Dijkstra (foto: Jacob van Essen)

Myn namme is Jelske Dijkstra. Ik wurkje op it stuit as taalûndersiker by de Fryske Akademy. Hjir doch ik sawol ûndersyk nei (de meartalige) taalûntwikkeling, as nei taalfariaasje en spraakwerkenning. Fierder wurkje ik as stêfmeiwurker foar RUG/Campus Fryslân. Tegearre mei it ûntwikkelteam sette wy in nije ienjierrige master Voice Technology op. Ek wurkje ik as dosint en skripsjebegelieder by de HBO-oplieding Logopedy fan ProEducation (NCOI). Dêrneist fier ik geregeld ferskate opdrachten út dêr’t taal in rol by spilet.

Myn ûndersyksynteresses lizze op it mêd fan meartaligens, taalûntwikkeling, bernetaal, taalfariaasje, fonology en spraaktechnologyske tapassings. As dosint ha ik my de ôfrûne jierren spesjalisearre yn fakken dy’t ferbân hawwe mei de taalûntwikkeling, meartaligens, TARSP, ûndersyksfeardigheden en skripsjebegelieding.

Privacybelied (Nederlânsk)

Kontaktgegevens

Jelske Dijkstra
Diese E-Mail-Adresse ist vor Spambots geschützt! Zur Anzeige muss JavaScript eingeschaltet sein!

© 2019 Jelskedijkstra.frl  |  login  |  website: Skelp.org